Sergipe
| Sergipe | ||
| Lokaasje fan Sergipe yn Brazylje. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| regio | Noardeast | |
| haadplak | Aracaju | |
| grutste stêd | Aracaju | |
| gemeenten | 75 | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 2.307.255 (rûzing 2026)[1] | |
| oerflak (km²) | 21.938 km² (2025) | |
| befolkingstichtens | 100,74 ynw./km² | |
| hichte (maks.) | 0 m - 742 m | |
| HDI | 0,702 (2021) | |
| Oar | ||
| ôfkoarting (UF) | SE | |
| steat sûnt | 1889 | |
| ISO-koade | BR-SE | |
| tiidsône | UTC−3 | |
| webside | www.se.gov.br | |
| Kaart | ||
| Gemeente-yndieling Sergipe reade kleur: lokaasje Aracaju | ||
Sergipe (offisjeel Portegeesk: Estado de Sergipe) is in federale steat yn 'e regio Noardeast fan Brazylje. Sa'n twatredde fan 'e Sergipanos (de ynwenners) wennet yn 'e stêden, wêrfan de measten yn 'e haadstêd Aracaju. Sergipe is likernôch de helte lytser as it totale oerflak fan Nederlân (41.500 km² ynklúsyf wetter).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De steat tanket syn namme oan 'e rivier de Rio Sergipe. De haadstêd Aracaju leit oan 'e westlike ouwer fan dy rivier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Eartiids wie São Cristóvão de haadstêd fan Sergipe. De stêd wie yn 1590 stifte en de fjirde âldste stêd fan Brazylje. Healwei de 19e iuw waard de lizzing fan São Cristóvão lykwols in probleem foar de opkommende sûkerekonomy om't it skipfeartferkear yn 'e ûndjippe rivieren fêst rûn.
Op 17 maart 1855 waard it beslút nommen om 'e haadstêd te ferhúzjen nei Aracaju, in geunstiger lizzende havenstêd oan 'e mûning fan 'e Rio Sergipe. Aracaju wie ien fan 'e earste fan 'e planmjittich oanleine stêden fan it lân mei in strak strjittepatroan. São Cristóvão is ryk oan koloniale arsjitektuer en wurdt sûnt 2010 as UNESCO Wrâlderfgoed erkend.
Op 5 july 1924 briek yn São Paulo in grutte opstân út fan 'e Tenentismo-beweging, in herfoarmingsbeweging fan jonge legeroffisieren tsjin de korrupte federale regearing. Op 13 july 1924 sloech de opstân ek oer nei jonge offisieren fan it 28e Bataljon yn Sergipe. Sa namen it bestjoer oer [ en ferdreaune de gûverneur, mar nei trije wiken waard de opstân troch federale troepen fan it regear delslein.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sergipe is wat oerflak oanbelanget de lytste steat fan Brazylje. De steat grinzget oan 'e Brazyljaanske steaten Alagoas en Bahia, en oan 'e Atlantyske Oseaan.
De noardlike grins wurdt foarme troch de Rio São Francisco, in 3.199 kilometer lange rivier.
De steat hat ien nasjonaal park, it Nasjonaal Park Serra de Itabaiana. It waard yn 2005 oprjochte en leit yn 'e gemeenten Itabaiana, Areia Branca, Laranjeiras, Itaporanga d'Ajuda en Malhador. It beskermet in unyk oergongsgebiet tusken it Atlantysk Reinwâld (Mata Atlântica) en de drûge Caatinga, mei karakteristike rotsformaasjes, wetterfallen en it heechste punt fan 'e steat (de Serra Comprida, 670 m).
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Etnyske gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De etnyske ferdieling fan 'e befolking fan Sergipe wie neffens de offisjele folkstelling fan 2022 fan it IBGE as folget:
- minsken fan mingde komôf (Pardos): 61,61%
- blanken (Brancos): 25,2%
- swarten (Pretos): 12,85%
- lânseigen befolking (Indígenas): 0,21% (sawat 6.000 minsken)
- Aziaten (Amarelos): 0,13%
Befolkingsûntwikkeling fan Sergipe (1872–2022)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1872 | 1890 | 1900 | 1920 | 1940 | 1950 |
|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 176.243 | 310.926 | 356.264 | 477.064 | 542.326 | 644.361 |
| Groei | — | +76,4% | +14,6% | +33,9% | +13,7% | +18,8% |
| Jier | 1960 | 1970 | 1980 | 1991 | 2000 | 2010 |
| Ynwennertal | 760.273 | 911.251 | 1.156.642 | 1.491.867 | 1.781.714 | 2.068.017 |
| Groei | +18,0% | +19,9% | +26,9% | +29,0% | +19,4% | +16,1% |
| Jier | 2022 | |||||
| Ynwennertal | 2.210.004 | |||||
| Groei | +6,9% | |||||
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censos Demográficos | ||||||
Grutste gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Stêd | Ynwenners |
|---|---|
| 602.757 | |
| 192.330 | |
| 103.319 | |
| 101.579 | |
| 95.612 | |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022 | |
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De befolking fan Sergipe is yn mearderheid kristlik. It katolisisme is de oerhearskjende streaming yn 'e steat; neffens de folkstelling fan it IBGE is 71,52% fan 'e befolking roomsk-katolyk.
Njonken it katolisisme foarmet it protestantisme mei 18,34% de twadde grutte streaming. Dêrnjonken is 8,12% fan 'e befolking sûnder religy. Oare religys yn Sergipe binne it spiritisme (0,81%), de Afro-Brazyljaanske religys lykas umbanda en candomblé (0,26%) en oare lytsere religieuze groepen (0,85%).
| Religieuze streaming | Persintaazje (2022) |
|---|---|
| roomsk-katolyk | 67,76% |
| protestantsk | 18,27% |
| sûnder religy | 9,11% |
| spiritisme | 0,77% |
| Afro-Brazyljaanske religys (umbanda en candomblé) | 0,77% |
| lânseigen of oare religys | 2,9% |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022 | |
Ekonomy en kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sergipe hat in goed ûntwikkele lânbou. Dêrnjonken wurde yn 'e steat ierdoalje en ierdgas wûn. De steat stiet ek bekend om syn ambachten. Produkten dy't hjir makke wurde binne bygelyks fan lear, hout, tekstyl en keramyk. It toerisme groeit en Sergipe hat moaie lange strannen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten fan Brazylje | ||
|---|---|---|
| Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins | ||
| Federaal distrikt: Federaal Distrikt | ||
