Springe nei ynhâld

Piauí

Ut Wikipedy
Piauí
Dielsteat fan Brazylje
Lokaasje fan Piauí yn Brazylje.
Lokaasje fan Piauí yn Brazylje.
Symboalen
Bestjoer
regioNoardeast
haadplakTeresina
grutste stêdTeresina
gemeenten224
gûverneurRafael Fonteles
Sifers
ynwenners3.392.617
(rûzing 2026)[1]
oerflak (km²)251.755 km²
befolkingstichtens12,99 ynw./km² (2022)
hichte (maks.)0 m - 890 m
HDI0,665 (2021)
Oar
ôfkoarting (UF)PI
steat sûnt1889
ISO-koadeBR-PI
tiidsôneUTC−3
websidewww.pi.gov.br
Kaart
Lokaasje fan Piauí yn Brazylje.
Gemeente-yndieling Piauí
reade kleur: lokaasje Teresina

Piauí (offisjeel: Estado do Piauí) is in federale steat yn 'e regio Noardeast fan Brazylje. De befolking waard op 1 july 2026 rûsd op 3.392.617 ynwenners, dy't Piauïezen neamd wurde en op in oerflak fan sa'n 251.755 km² wenje. De haadstêd is Teresina.

Piauí is de iennichste steat yn it noardeasten dêr't de kolonisaasje út it binnenlân wei barde. Oan 'e ein fan 'e 17e iuw fêstigen feehâlders har dêr op syk nei nije greide. Al gau ûntstiene dêr ûnbidich grutte feehâlderijen. Nei't de jezuïten ferdreaun waarden, foelen de ranches wer yn hannen fan Portegal en waarden se ferlitten.

Kust fan Piauí

Piauí grinzget oan 'e Brazyljaanske steaten Ceará, Pernambuco, Bahia en Maranhão.

Piauí is de op twa nei grutste steat fan it noardeasten. Meidat Piauí yn in oergongsgebiet leit, hat de steat ferskillende lânskippen mei in eigen klimaat en wikseljende begroeiïng.

De kustline is mar 66 kilometer lang en bestiet út mangrovebosken. It klimaat is tropysk mei temperatueren dy't goed út te hâlden binne. Dêrfoaroer hat it binnenlân in semiaride klimaat mei hege temperatueren. De reintiid duorret fan desimber oant april. Savannes en steppes, cerrados en drûge gebieten mei strûk- en toarngewaaks foarmje dêr it grutste part fan it lânskip.

De wichtichste nasjonale parken fan Piauí binne:

Rotstekeningen yn 'e Serra da Capivara
  • It Nasjonaal Park Serra da Capivara (yn it suden fan 'e steat). It park stiet bekend om 'e tûzenen jierren âlde rotstekeningen en archeologyske fynplakken dy't tsjûgje fan 'e iere minsklike bewenning yn Amearika.
  • It Nasjonaal Park Sete Cidades (yn it noarden fan 'e steat). It park is bekend om syn yndrukwekkende en frjemde rotsformaasjes fan sânstien, dy't lykje op ferstienne stêden (dêrfandinne de namme Sete Cidades / Sân Stêden). Ek yn dit park binne histoaryske rotstekeningen te finen.
  • It Nasjonaal Park Serra das Confusões (yn it djipste suden fan Piauí). It grutste natuerreservaat yn 'e regio fan 'e Caatinga (it drûch ekosysteem mei beamkeguod). It park omfiemet kleauwen, djippe grotten en in grut ferskaat oan beskerme bisten en planten.
  • It Nasjonaal Park Nascentes do Rio Parnaíba (op 'e grins fan Piauí mei Maranhão, Tocantins en Bahia). Dit park beskermet de boarnen fan 'e

Parnaíba-rivier (de wichtichste rivier fan Piauí) en foarmet in grut oergongsgebiet tusken de savanne en de Caatinga.

Etnyske gearstalling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De etnyske ferdieling fan 'e befolking fan Piauí wie neffens de offisjele folkstelling fan 2022 fan it IBGE as folget:

  • minsken fan mingde komôf (Pardos): 64,8%
  • blanken (Brancos): 22,6%
  • swarten (Pretos): 12,2%
  • lânseigen befolking (Indígenas): 0,3% (sawat 9.300 minsken)
  • Aziaten (Amarelos): 0,1%

Befolkingsûntwikkeling fan Piauí (1872–2022)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 187218901900192019401950
Ynwennertal 202.222267.609334.328609.003817.6011.045.696
Groei —+32,3%+24,9%+82,2%+34,3%+27,9%
Jier 196019701980199120002010
Ynwennertal 1.263.3681.734.8942.188.1502.581.2152.843.4283.118.360
Groei +20,8%+37,3%+26,1%+18,0%+10,2%+9,7%
Jier 2022
Ynwennertal 3.271.199
Groei +4,9%
Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censos Demográficos

Grutste gemeenten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Teresina
Stêd Ynwenners
Teresina Teresina 866.300
Parnaíba Parnaíba 162.159
Picos Picos 83.090
Piripiri Piripiri 65.762
Floriano Floriano 62.593
Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022

De befolking fan Piauí is yn mearderheid kristlik. It katolisisme is de oerhearskjende streaming yn 'e steat; neffens de folkstelling fan 2022 is 77,43% fan 'e ynwenners fan 10 jier en âlder roomsk-katolyk. Hjirmei is Piauí ien fan 'e Brazyljaanske steaten mei it heechste persintaazje katoliken fan it lân.

Njonken it katolisisme foarmet it protestantisme mei 15,56% de twadde grutte streaming, wat ien fan 'e leechste persintaazjes protestanten is fan alle Brazyljaanske steaten. Dêrnjonken is 4,3% fan 'e befolking sûnder religy. Oare religys yn Piauí binne de Afro-Brazyljaanske religys sa as umbanda en candomblé (0,43%), it spiritisme (0,37%) en oare religieuze groepen (1,83%).

Religieuze gearstalling fan Piauí (IBGE 2022)
Religieuze streamingPersintaazje (2022)
roomsk-katolyk77,43%
protestantsk15,56%
sûnder religy4,30%
Afro-Brazyljaanske religys (umbanda en candomblé)0,43%
spiritisme0,37%
oare religys1,83%
net bekend / net opjûn0,08%
Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022

Piauí is ien fan 'e earmste federale steaten fan Brazylje. Sawat de helte fan 'e befolking wennet yn 'e stêden. De iennichste yndustry fan betsjutting is de fiedings-, de tekstyl- en learyndustry. Troch it ferlienen fan belestingfoardielen is it lykwols slagge om de ynfrastruktuer te ferbetterjen. Yn 'e lânbou oerhearsket de feehâlderij; der wurde beanen, mais, rys, kassaves, soja en sûkerreid ferbouwd, mar net genôch om yn it eigen ferlet te foarsjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Flagge fan Brazylje Dielsteaten fan Brazylje Wapen fan Brazylje
Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins
Federaal distrikt: Federaal Distrikt
· · Berjocht bewurkje