Amapá
| Amapá | ||
| Lokaasje fan Amapá yn Brazylje. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| regio | Noard | |
| haadplak | Macapá | |
| grutste stêd | Macapá | |
| gemeenten | 16 | |
| gûverneur | Clécio Luís | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 809.953 (rûzing 2026)[1] | |
| oerflak (km²) | 142.253,88 km² | |
| befolkingstichtens | 5,15 ynw./km² | |
| hichte (maks.) | 0 m - 500 m | |
| HDI | 0,740 (2021) | |
| Oar | ||
| ôfkoarting (UF) | AP | |
| steat sûnt | 1988 | |
| ISO-koade | BR-AP | |
| tiidsône | UTC−3 | |
| webside | www.amapa.gov.br | |
| Kaart | ||
| Gemeente-yndieling Amapá reade kleur: lokaasje Macapá | ||
Amapá (Offisjeel Estado do Amapá yn it Portegeesk) is in dielsteat yn it noarden fan Brazylje. De haadstêd is Macapá. Neffens de folkstelling hie de dielsteat yn 2022 733.508 ynwenners. Amapá is mei in oerflak fan 142.470,8 km² 3,4 kear sa grut as Nederlân (ynklusyf binnenwetter 41.543 km²).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prehistoarje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn in ôfgelegen gebiet fan Amapá, by de gemeente Calçoene, hawwe archeologen in opmerklik stienkompleks ûndersocht dat bekend stiet as it Archeologysk Park fan 'e Sinnekear (Parque Arqueológico do Solstício). It bestiet út meardere grutte graniten stiennen dy't yn in sirkel opsteld binne en it wurdt ek wol it Stonehenge fan 'e Amazône neamd.
De stiennen binne sa delset dat se astronomyske kardinale punten markearje. Sa koene de oarspronklike ynwenners bygelyks de sinnekear sekuer fêststelle, wat fan grut belang wie foar it bepalen fan 'e syklussen fan 'e lânbou- en rispinge. Archeologyske fynsten fan keramykskerven op it terrein wize derop dat de lânseigen kultueren dy't dit kompleks bouden al iuwen foar de komst fan 'e Europeanen yn 'e regio aktyf wiene.
Yn 'e koloniale tiid makken ferskate Europeeske machten oanspraak op it gebiet fan it hjoeddeiske Amapá, wêrûnder de Ingelsen, Nederlanners, Frânsen en Portegezen. De regio stie doe benammen bekend as Frânsk-Guyana of as gebiet mei in soad strideraasjes oer de grins.
Yn de njoggentjinde iuw boaze it konflikt oer de krekte grins oan, foaral nei't der goud yn 'e omkriten fûn waard en de winning fan rubber in wichtige ekonomyske rol begûn te spyljen. Sowel Brazylje as Frankryk makken oanspraak op it grutte grinsgebiet tusken de Amazônerivier en de Oiapoque. Diplomatyk hiene dy lannen jierrenlang spul oer it gebiet.
Lang om let waard it grinsskeel oan in ynternasjonaal arbitraazjehôf yn Switserlân foarlein. De úspraak wie yn it foardiel fan Brazylje, wêrtroch't de rivier de Oiapoque offisjeel fêststeld waard as de noardgrins fan it Brazyljaanske grûngebiet. Neitiid waard it gebiet earst yndield by de dielsteat Pará, foardat it letter in selsstannich federaal territoarium en lang om let de status fan folweardige dielsteat krige.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Amapá leit oan 'e noardlike Atlantyske kust en grinzget yn it noarden oan Frânsk-Guayana en Sûriname, en yn it westen en suden oan 'e Brazyljaanske dielsteat Pará.
Mar fiif km besuden de haadstêd Macapá rint de evener. Dat punt wurdt markearre troch in stienmonumint.
De Atlantyske kustline wurdt karakterisearre troch mangrovefegetaasje, wylst de rest fan 'e dielsteat foaral út tropysk reinwâld bestiet. Ut dat wâld stekke hjir en dêr inkelde isolearre rotsformaasjes omheech, lykas de Monte Carupina.
Natuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Om de natuer fan 'e steat te beskermjen binne der meardere beskerme gebieten en lânseigen territoaria, dy't tegearre sa'n 72% fan it totale oerflak fan Amapá beslaan (2016).
De wichtichste beskerme gebieten binne it Nasjonaal Park Montanhas do Tumucumaque yn it westen fan 'e steat en it Nasjonaal Park Cabo Orange oan 'e kust. It Nasjonaal Park Montanhas do Tumucumaque is it grutste nasjonale park fan 'e wrâld dat folslein út tropysk reinwâld bestiet. It Nasjonaal Park Cabo Orange bestiet benammen út ûnderstrûpt gerslân en mangrovewâlden, dy't foar fisken in tige wichtich kreamplak foarmje.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutste part fan 'e befolking fan Amapá wennet yn stêden. Neffens de folkstelling fan 2022 is de etnyske gearstalling fan 'e befolking as folget:
- mingde befolking (Pardos): 65,3%
- blanke befolking (Brancos): 21,4%
- swarte befolking (Pretos): 11,8%
- lânseigen befolking (Indígenas): 1,4%
- Aziatyske befolking (Amarelos): 0,1%
Lânseigen befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lânseigen stammen yn Amapá libje yn it noarden, oan 'e rivier de Oiapoque, en yn it easten yn it lânseigen territoarium fan 'e Wayampi. Alle lânseigen territoaria yn Amapá binne offisjeel ôfbeakene. De stammen dy't yn Amapá wenje binne de Galibi do Oiapoque, de Karipuna do Amapá, de Palikur, de Wayampi en de Galibi-Marworno.
It gebiet hie yn it prekolumbiaanske tiidrek in grutte lânseigen befolking. It belied fan 'e Portegeeske monargy wie derop rjochte om har fan it lân te ferdriuwen. De Cabanagem-opstân yn 'e desennia fan 1830 easke in hiel soad slachtoffers en late ta de fragmintaasje fan 'e lânseigen befolking oan 'e Amazône.
| Jier | 1950 | 1960 | 1970 | 1980 | 1991 | 2000 | 2010 | 2022 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 37.477 | 68.889 | 116.480 | 180.078 | 288.690 | 477.032 | 669.526 | 733.759 |
| Groei | — | +83,8% | +69,1% | +54,6% | +60,3% | +65,2% | +40,4% | +9,6% |
Grutste gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Stêd / Gemeente | Ynwenners (2022) |
|---|---|
| 442.933 | |
| 107.618 | |
| 35.114 | |
| 27.482 | |
| 21.924 | |
| 17.848 | |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) - Populaasje neffens de folkstelling fan 2022 | |
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In wichtich religieus barren yn Amapá is it Festa de São Tiago yn Mazagão Velho, in tradisjoneel festival dêr't de histoaryske striid tusken de kristenen en de moaren neispile wurdt troch tûzenen leauwigen. In oar wichtich pylgerfeest is de prosesje fan Nossa Senhora da Conceição yn Macapá. De patroanhillige fan 'e steat en de haadstêd is Sint-Joazef. Syn feestdei (19 maart) is in offisjele feestdei yn Amapá.
Lykas yn 'e rest fan Brazylje is it roomsk-katolike oandiel fan 'e befolking tebekrûn en is it protestantske oandiel (benammen de oanhing fan pinkstergemeenten) de lêste desennia sterk tanommen:
| Religieuze streaming | Persintaazje (2010) | Persintaazje (2022) |
|---|---|---|
| roomsk-katolyk | 63,5% | 58,4% |
| protestantsk | 28,0% | 32,1% |
| sûnder religy | 6,1% | 7,2% |
| spiritisme | 0,4% | 0,5% |
| Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé) | 0,2% | 0,3% |
| oare religys / net opjûn | 1,8% | 1,5% |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2010 / 2022 | ||
Ekonomy en ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjinstesektor foeget fierwei it measte ta oan it bruto ynlânsk produkt (BYP) fan Amapá, folge troch in folle lytsere yndustriële sektor. De lânbou spilet in lytse rol yn 'e ekonomy. De wichtichste eksportprodukten fan Amapá binne hout, erts en palmhert.
It wichtichste fleanfjild fan 'e steat is de Ynternasjonale Lofthaven Macapá. Op 12 april 2019 waard in nij terminalgebou iepene dat de âlde foarsjenning ferfong. Nei de sluting waard it âlde terminalgebou ôfbrutsen om romte te meitsjen foar in grutter opstelplatfoarm foar fleantugen, dat yn 2020 reekaam.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten fan Brazylje | ||
|---|---|---|
| Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins | ||
| Federaal distrikt: Federaal Distrikt | ||
