Pará
| Pará | ||
| Lokaasje fan Pará yn Brazylje. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| regio | Noard | |
| haadplak | Belém | |
| grutste stêd | Belém | |
| gemeenten | 144 | |
| gûverneur | Helder Barbalho | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 8.756.324 (rûzing 2026)[1] | |
| oerflak (km²) | 1.245.831,512 km² | |
| befolkingstichtens | 7,02 ynw./km² | |
| hichte (maks.) | 0 m - 980 m | |
| HDI | 0,698 (2021) | |
| Oar | ||
| ôfkoarting (UF) | PA | |
| steat sûnt | 1889 | |
| ISO-koade | BR-PA | |
| tiidsône | UTC−3 | |
| webside | www.pa.gov.br | |
| Kaart | ||
| Kaart fan Pará mei bestjoerlike grinzen reade kleur: lokaasje Belém | ||
Pará is in dielsteat fan Brazylje, leit yn it noarden fan it lân en wurdt trochsnien troch de ûnderrin fan 'e Amazônerivier. De steat grinzget oan 'e Brazyljaanske dielsteaten Amapá, Maranhão, Tocantins, Mato Grosso, Amazonas en Roraima. Yn it noardwesten lizze de grinzen mei Guyana en Suriname, en yn it noardeasten leit de Atlantyske Oseaan. De haadstêd en grutste stêd is Belém, dy't leit oan 'e Baai fan Marajó, deunby it estuarium fan 'e Amazônerivier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de komst fan 'e Jeropeanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut archeologyske fynsten yn 'e regio Santarém docht bliken dat der al om 3000 f.Kr. minsklike bewenning yn it gebiet wie. De Marajoara-kultuer op it eilân Marajó belibbe har hichtepunt tusken 500 en 1300 nei Kr. Dizze mienskip beoefene lânbou, kende natuerlike medisinen en stie bekend om harren karakteristike ierdewurk.
Jeropeeske ferkenning en kolonialisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1500 farde de Spaanske seefarder Vicente Yáñez Pinzón as earste Jeropeaan de mûning fan 'e Amazône op. Yn 1542 berikte Francisco de Orellana de mûning nei in rivierreis út Ekwador wei. Om de Frânske, Ingelske en Hollânske ynfloeden te kearen, stiften de Portegezen yn 1616 it Forte do Presépio yn it hjoeddeistige Belém. Sa kaam it grutste part fan it Amazônegebiet ûnder Portegeesk bewâld.
De Cabanagem-opstân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1835 en 1840 waard de provinsje troffen troch de Cabanagem, in grutskalige sosjale opstân fan 'e lânseigen folken, minsken fan mingd bloed en eardere slaven. Hja libben yn tige earmoedige hutten (cabanas) en fersetten har tsjin de polityk-ekonomyske efterstelling troch it sintrale Brazyljaanske regear nei de ûnôfhinklikens. De opstân einige nei jierren fan fûleindige striid doe't it Brazyljaanske keizerlike leger it gebiet mei geweld wer yn besit naam en it ferset definityf delsloech, wat nei skatting oan tsientûzenen minsken it libben koste.
Rubbertiidrek en mynbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e ein fan 'e 19e en it begjin fan 'e 20e iuw belibbe Pará in sterke ekonomyske groei troch de winning fan lateks (rubber). De haadstêd Belém waard yn dizze perioade yngreven ferboud neffens it foarbyld fan Parys. Nei it ynstoarten fan 'e rubbermerk rekke de ekonomy yn 'e nederklits, oant yn 'e jierren 1970 de grutskalige mynbou opgong makke, foaral troch de izerertswinning yn 'e Serra dos Carajás en goudwinning yn 'e Serra Pelada.
Geografy en klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lânskip fan Pará bestiet foar in grut part út 'e grutte leechflakte fan it Amazônebekken. It grutste part fan 'e dielsteat leit leger as 200 meter boppe de seespegel. Yn it noarden wurdt de leechflakte begrinzge troch it Guyanaskyld, wylst it suden oergiet yn it Brazyljaansk Heechlân. Yn dizze heger lizzende gebieten lizze heuvelrêgen en plato's (serras). It heechste punt fan Pará is de Serra do Cachimbo yn it uterste suden, op 'e grins mei Mato Grosso, mei in hichte fan likernôch 930 meter boppe de seespegel. Yn it noarden, oan 'e grins mei Guyana en Suriname lizze de 700 oant 800 m hege toppen fan 'e Serra do Tumucumaque.

In opfallend geografysk elemint is it mûningsgebiet fan 'e Amazônerivier, mei as grutste blikfanger it eilân Marajó (sa'n 40.100 km²), it grutste fluviale eilân ter wrâld dat folslein troch swiet wetter omfieme wurdt.
Rivierestelsel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pará hat in tige ticht netwurk fan machtige rivieren dy't allegearre ôfwetterje yn 'e Atlantyske Oseaan. De wichtichste rivieren binne:
- De Amazône, dy't fan it westen nei it easten troch it noardlike part fan 'e steat meändert en útmûnet yn in delta fan estuaria en sydearms.
- De Tapajós en de Xingu binne grutte sydrivieren fan 'e Amazône dy't fanút it suden (it Brazyljaanske Heechlân) nei it noarden streame en yn 'e Amazône útmûne.
- De Tocantins en de Araguaia wetterje it easten fan 'e steat ôf. De Tocantins mûnet út yn 'e Baai fan Marajó deunby de haadstêd Belém.
Mineralen en boaiemrykdommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De geologyske opbou fan it Brazyljaansk Heechlân en Guyanaskyld makket Pará ta ien fan 'e rykste mineraalgebieten fan 'e wrâld. Benammen yn it súdeasten, yn 'e regio fan 'e Serra dos Carajás, lizze ûnbidige foarrieden yn 'e grûn. De wichtichste delfstoffen dy't yn de steat fûn en wûn wurde binne izererts, bauksyt, koper, mangaan, nikkel en goud.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pará hat in tropysk klimaat. De droechste moannen binne meastentiids septimber en oktober mei likernôch 30 millimeter delslach, wylst febrewaris oant april it wietst binne mei tusken de 350 en 450 millimeter delslach. Yn it uterste suden en easten giet dit oer yn in tropysk savanneklimaat mei minder rein en in drûch seizoen yn 'e midden fan it jier, wylst dielen fan it noarden in tropysk reinwâldklimaat hawwe mei in delslach fan likernôch 2500 mm yn it jier. De temperatueren yn hiel Pará binne hyt mei in hege relative loftfochtigens. De maksimumtemperatueren lizze meastentiids tusken de 30 en 34 °C en de minimumtemperatueren it hiele jier troch om de 22 °C hinne.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Etnyske gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Neffens de folkstelling fan 2022 fan it IBGE bestiet de befolking fan Pará út de folgjende etnyske groepen:
- mingde komôf (Pardo): 69,9%
- blank (Branco): 19,3%
- swart (Preto): 9,8%
- lânseigen/Yndiaansk (Indígena): 0,8%
- Aziatysk (Amarelo): 0,2%
Pará hat yn ferhâlding mei oare Brazyljaanske steaten it heechste persintaazje minsken fan mingde komôf (pardos). Yn ferliking mei eardere folkstellingen is it oanpart minsken dat harsels as preto (swart) of lânseigen identifisearret tanommen, wylst it persintaazje blanken wat ôfnommen is.
De steat hat ferskate grutte beskerme gebieten foar de lânseigen folken (Terras Indígenas), ûnder oare foar de Kayapó- en Munduruku-folken yn 'e streek om de Xingu- en Tapajósrivieren.
| Jier | 1872 | 1890 | 1900 | 1920 | 1940 | 1950 | 1960 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 275.237 | 328.455 | 445.356 | 983.507 | 944.644 | 1.123.273 | 1.550.935 |
| Groei | — | +19,3% | +35,6% | +120,8% | -4,0% | +18,9% | +38,1% |
| Jier | 1970 | 1980 | 1991 | 2000 | 2010 | 2022 | |
| Ynwennertal | 2.197.072 | 3.507.312 | 5.181.570 | 6.195.965 | 7.581.051 | 8.120.131 | |
| Groei | +41,7% | +59,6% | +47,7% | +19,6% | +22,4% | +7,1% |
Grutste stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oandiel katoliken yn Pará is de lêste desennia wat ôfnommen, mar it katolisisme bliuwt noch jimmeroan de grutste religieuze streaming yn 'e steat. Tagelyk is lykas yn oare dielen fan it lân it oanpart fan 'e protestantske tsjerken (benammen evangelyske bewegings) en fan minsken sûnder religy tanommen.

| Religieuze streaming | Persintaazje (2010) | Persintaazje (2022) |
|---|---|---|
| roomsk-katolyk | 65,0% | 56,8% |
| protestantsk | 21,7% | 26,9% |
| sûnder religy | 9,3% | 10,6% |
| spiritisme | 0,4% | 0,5% |
| Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé) | 0,1% | 0,2% |
| oare religys / net opjûn | 3,5% | 5,0% |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2010 / 2022 | ||
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tagongspoarte ta Pará is de haadstêd Belém, dy't yn 'e delta fan 'e mûning fan 'e Amazône oan 'e Atlantyske Oseaan leit. Belém hat in skildereftige âlde binnenstêd, in drokke haven en merken mei in oanbod fan Amazôneprodukten.
Op sa'n trije oeren farren fan Belém leit, tusken de Amazônerivier en de Rio Pará, it grutste rivier-seeeilân fan 'e wrâld: Ilha de Marajó. Dat eilân is ferneamd ûnder fûgelspotters en natuerleafhawwers. De ôfwikseling fan ticht reinwâld, wâld dat ôfhinklik fan it seizoen ûnderstrûpt en mangroves foarmet de basis foar in tige hege soarterykdom. In oar hichtepunt binne de tamme wetterbuffels, dy't foar it boerewurk goed op rûch terrein ynset wurde kinne en opmerklik genôch ek troch de plysje brûkt wurde.
Rjocht tusken Belém en Manaus yn — fan beide stêden op in oere fleanen — leit Santarém, fuort oan 'e mûning fan 'e Rio Tapajós yn 'e Amazône. De stêd is wat oersichtliker en hat in lyts histoarysk sintrum, in fiskmerk, in drokke haven en ferskate merken mei in grut ferskaat oan lokale produkten.

Op mar 30 kilometer fan Santarém leit it fiskersdoarp Alter do Chão oan 'e iggen fan 'e Rio Tapajós. It heldere wetter en de wite strannen hawwe it doarp de bynamme "it Karibysk Gebiet fan 'e Amazône" oplevere. Alter do Chão lûkt toeristen út 'e hiele wrâld en hat poerbêste restaurants mei lokale gerjochten. It plak wurdt faak brûkt as útfalsbasis foar tochten troch it omlizzende reinwâld.
De steat Pará telt 6 nasjonale parken, wêrfan't guon foar in part yn in oanbuorjende steat lizze:

| Park | Oerflak (ha) | Bysûnderheden |
|---|---|---|
| Nasjonaal Park Amazônia | 1.084.896 [2] | Leit oan 'e Tapajós yn it westen fan 'e steat (foar in part ek yn Amazonas); ien fan 'e âldste parken yn it Amazônegebiet. |
| Nasjonaal Park Campos Ferruginosos | 79.029 [3] | Leit yn 'e gemeenten Parauapebas en Canaã dos Carajás; beskermet unike savanna-ekosystemen (canga) en meardere grottestelsels. |
| Nasjonaal Park Jamanxim | 859.797 [4] | Leit oan 'e BR-163 sneldyk, oprjochte om de ûntbosking te kearen en de tichte Amazône-ekosystemen en rivierstelsels te beskermjen. |
| Nasjonaal Park Montanhas do Tumucumaque | 3.867.000 [5] | Hiel grut beskerme natuergebiet yn it noarden; leit foar it grutste part yn Amapá en nei it westen ta oant it grûngebiet fan Pará (Almeirim). |
| Nasjonaal Park Rio Novo | 538.151 [6] | Oanlein om it streamgebiet fan 'e Rio Novo en syn unike biologyske ferskaat te behâlden foar de takomst. |
| Nasjonaal Park Serra do Pardo | 445.392 [7] | Leit yn 'e saneamde Terra do Meio; beskermet in wichtich oergongsgebiet tusken de Amazônerivieren mei in soad bergen en tichte bosken. |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ekonomy fan Pará is foar in grut part ôfhinklik fan 'e tsjinstesektor en de yndustry, oanfolle mei in sterke lânbou- en mynbousektor. De steat spilet in grutte rol yn 'e Brazyljaanske mynbou. De steat is ryk oan grûnstoffen lykas izererts, bauksyt, koper, mangaan, goud, nikkel en tin. Fral yn it Carajás-berchtme leit in hiel grut mynbougebiet dêr't op grutte skaal izererts wûn wurdt foar de eksport nei lannen oer de hiele wrâld. Troch dy minen hat de stielyndustry him ûnder oare yn Marabá fêstige.
Njonken mynbou is de lânbou fitaal foar de regio. Pará is de grutste produsint fan Brazylje as it giet om açaí, maniok, ananas en kakao. Alhoewol't it areaal fan kakaoferbou trije kear sa lyts is as dy fan Bahia, is de produktiviteit tanksij moderne tylttechniken en better resistint sied trije kear sa heech as yn Bahia. Ek is de steat in wichtige leveransier fan swarte piper, kokosnoaten, bananen en de bekende paranút, dy't hieltyd mear op grutte plantaazjes ferboud wurdt neist de tradisjonele samling yn 'e oerwâlden. Op it mêd fan feehâlderij heart Pará ta de top fan it lân, wêrby't omfangrike gemeenten lykas São Félix do Xingu en Marabá tige grutte feestapels hawwe.

Foar it ferfier en de hannel binne de wetterwegen en grutte rivieren fan krúsjaal belang, en spylje sawol de haadstêd Belém as it grutte riviereilân Marajó in sintrale rol. De ynfrastruktuer fan 'e steat wurdt fierder oanfolle mei de ynternasjonale lofthaven fan Belém, dy't in grut tal passazjiers ferwurket, en de haven fan Belém, dy't njonken in ferfiersfunksje ek as kultuer- en toeristysk sintrum tsjinnet.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten fan Brazylje | ||
|---|---|---|
| Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins | ||
| Federaal distrikt: Federaal Distrikt | ||

