Springe nei ynhâld

Maranhão

Ut Wikipedy
Maranhão
Dielsteat fan Brazylje
Lokaasje fan Maranhão yn Brazylje.
Lokaasje fan Maranhão yn Brazylje.
Symboalen
Bestjoer
regioNoardeast
haadplakSão Luís
grutste stêdSão Luís
gemeenten217
gûverneurCarlos Brandão
Sifers
ynwenners7.024.557
(rûzing 2026)[1]
oerflak (km²)329.651,463 km²
befolkingstichtens20,56 ynw./km²
hichte (maks.)0 m - 804 m
HDI0,676 (2021)
Oar
ôfkoarting (UF)MA
steat sûnt1889
ISO-koadeBR-MA
tiidsôneUTC−3
websidewww.ma.gov.br
Kaart
Lokaasje fan Maranhão yn Brazylje.
Gemeente-yndieling Maranhão
reade kleur: lokaasje São Luís

Maranhão is ien fan 'e 26 steaten fan Brazylje. De steat leit yn 'e regio Noardeast en hat in befolking fan likernôch 7 miljoen ynwenners op in oerflak fan 331.983 km². Maranhão is ferdield yn 217 gemeenten. De steat leit yn it noarden oan 'e Atlantyske Oseaan (mei in kustline fan 2.243 km) en grinzget fierder mei de klok mei oan 'e steaten Piauí, Tocantins en Pará. De ynwenners fan Maranhão hawwe in hiel eigen aksint dat dúdlik ôfwikt fan oare Noardeastlike Portegeeske dialekten.

Foar de komst fan 'e Jeropeanen waard it grûngebiet fan it hjoeddeiske Maranhão al tûzenen jierren bewenne troch ferskate lânseigen folken. Archeologyske fynsten, wêrûnder pottebakkerskeunst en pealwenten ("palafitas") yn 'e sompe-polders fan 'e Baixada Maranhense, tsjûgje fan in komplekse kultuer dy't him goed oanpast hie oan 'e wetterrike omjouwing. Wichtige lânseigen groepen yn 'e regio wiene ûnder oare de Tupinambá, dy't benammen it kusteilân Upaon-Açú (it hjoeddeiske São Luís) en de kuststripe bewennen, en ferskate stammen dy't ta de Macro-Jê-taalfamylje hearden yn it drûgere efterlân fan 'e Sertão (lykas de Tremembé en de Guajajara).

Pedro Álvares Cabral ûntdiek as earste Jeropeaan Brazylje yn 1500, mar neffens de Brazyljaanske histoarikus Mário Martins Meireles ferskynden de earste Jeropeanen al earder oan 'e kust fan Maranhão en dreaune se dêr hannel.

Kaart fan Maranhão (1645)

Yn 1534 joech de Portegeeske kening Dom João III it Capitania do Maranhão (kapteinskip Maranhão) oan João de Barros en Fernão Álvares de Andrade – krûderijhannelers yn tsjinst fan 'e Kroan. Hja stjoerden yn 1535 Aires da Cunha op ekspedysje mei tsien skippen en 900 man. Harren tocht rûn lykwols út op skipbrek, lykas ek de folgjende ekspedysje ûnder lieding fan Luis de Melo e Silva yn 1554. Dy tsjinslaggen betsjutten de ein fan it Portegeeske besykjen om it gebiet te kolonisearjen. Al yn 1594 stiften Frânsen in delsetting fan 500 man ûnder lieding fan 'e hugenoat Daniel de la Touche (dy't dêr oant 1612 bleaune). Hja bouden dêr de stêd Saint-Louis (São Luís). Yn 1615 fersloegen Portegeeske troepen ûnder befel fan Jerônimo de Albuquerque de Frânsen. Yn 1641 kaam in float fan 18 skippen mei Hollanners de gûverneur Bento Maciel oer it mad. Hja namen de stêd São Luís yn en besetten dy oant 1644. De wichtichste hannelsprodukten wiene yn dy tiid sûkerreid, kakao en tabak.

De Igreja de Nossa Senhora da Vitória yn São Luís waard yn 1690 oarspronklik boud troch de jezuïten as de Igreja de Nossa Senhora da Luz, tegearre mei harren kolleezje.

Yn 'e 17e iuw brochten jezuïten it evangeelje nei de Sertão, dêr't hja tweintich lânseigen doarpen stichten. Hja setten har yn om 'e lânseigen befolking te beskermjen tsjin de Portegeeske slavernij. Dy beskermjende rol en harren stipe oan 'e lânseigen befolking yn 'e Guaraní-oarloch (1754-1756) yn it suden wiene foar de markys fan Pombal in wichtige reden om de oarder folslein te ferbieden. Yn 1760 waarden de jezuïten yn it ramt fan 'e herfoarmingen fan 'e markys út it hiele Portegeeske Ryk ferballe. Sûnt dat stuit wiene de lânseigen bewenners fan Maranhão warleas oerlevere oan grutgrûneigeners en slavejagers.

Maranhão leit yn in gebiet dêr't in skerpe grins leit tusken ferskate foarmen fan begroeiïng: mangrovebosken en sândunen oan 'e kust, en steppe-eftich terrein yn 'e Sertão.

Mar in pear kilometer besuden São Luís begjint de rûge regio Baixada Maranhense, dy't om 'e mûning fan 'e rivier de Mearim leit. Hûnderten marren – lykas de Lagoa Cajari en de Lagoa do Viana – foarmje hjir in grut natuerlik marregebiet yn it noardeasten fan Brazylje. Fierder nei it westen leit it ôfhandich lizzende natuerreservaat Reentrâncias Maranhenses, mei grutte mangrovebosken ferspraat oer hûnderten eilannen en skiereilannen, dy't te krijen hawwe mei hiel grutte ferskillen yn eb en heechwetter.

Nasjonaal park Lençóis Maranhenses

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Loftfoto fan it Nasjonaal park Lençóis Maranhenses

Yn it noardeasten leit it Nasjonaal Park Lençóis Maranhenses, in gebiet mei sândunen en lytse marren dat him oer likernôch 100 km yn 'e lingte en 70 km yn 'e breedte útwreidet. It is in unyk natuergebiet dat njonken it Amazônereinwâld leit.

Chapada das Mesas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it suden fan 'e steat leit it Nasjonaal Park Chapada das Mesas, in berch- en tafellângebiet dat bekend stiet om syn grutte tal wetterfallen, lykas de Cachoeira da Pedra Caída.

Etnyske gearstalling en demografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mem mei bern fan 'e Guajajara-stamme

De etnyske befolking fan Maranhão is neffens de folkstelling fan 2022 as folget:

  • minsken fan mingde komôf (Pardos): 66,4%
  • blanken (Brancos): 20,1%
  • swarten (Pretos): 12,6%
  • lânseigen befolking (Indígenas): 0,8% (sawat 55.000 minsken)
  • Aziaten (Amarelo): 0,1%

Histoaryske en ynternasjonale ynfloeden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de lânseigen Tupinambá- en Macro-Jê-stammen (wêrfan't neffens rûzingen yn 1500 mear as in miljoen wiene) en de grutskalige ymport fan Afrikaanske slaven út ûnder oare Angoala en Gana, waard it gebiet ek befolke troch ferskate Jeropeeske groepen.

Njonken Frânsen en Portegezen fêstigen har yn 'e 17e iuw – ûnder it bestjoer fan 'e [[West-Yndyske Kompanjy (1641–1644) – ek de earste Nederlanners yn 'e regio. Dêrnei hawwe lettere migraasjeweagen fan Jeropeanen (lykas Italjanen), Aziaten (Syrjers, Libanezen, Japanners en Sinezen) en ymmigranten út buorlannen har yn Maranhão delset.

Ynlânske migraasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maranhão hat in bysûndere posysje yn it noardeasten fan Brazylje: it is de iennichste steat yn dy regio mei in posityf saldo foar ynlânske migraasje (der ferhúzje mear Brazyljanen hinne as fuort). Fral de fruchtbere rivierdelling fan 'e Pindaré en de delling fan 'e Mearim lutsen sûnt de jierren 1950 en 1960 hûnderttûzenen boeren út buorsteaten lykas Ceará, Piauí en Pará oan.

Lânseigen befolking en kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De likernôch 55.000 lânseigen ynwenners binne ferdield oer 16 ferskate etnyske groepen, dy't tegearre yn beskerme reservaten wenje. It grutste reservaat is Alto Turiaçu yn it noardwesten fan 'e steat.

Yn it reservaat Alto Turiaçu nimme lânseigen minsken lykas de Ka'apor, Guajajara en Munduruku foaral de lêste jierren de wapens op tsjin yllegale houtkappers dy't harren mienskippen, natuerlike boarnen en doarpen bedriigje. Meidat de Brazyljaanske oerheid net genôch beskerming biedt, ferdriuwe de ynwenners sels de hannelers troch harren frachtweinen en masines yn 'e brân te steken. Dizze oanhâldende striid ûnderstreket de kwetsbere posysje en de needsaak fan bettere beskerming fan it lânseigen gebiet yn Maranhão.

Befolkingsûntwikkeling fan Maranhão (1872–2022)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolkingsûntwikkeling fan Maranhão (1872–2022)
Jier 187218901900192019401950
Ynwennertal 359.040430.854499.308874.3371.235.1691.583.248
Groei —+20,0%+15,9%+75,1%+41,3%+28,2%
Jier 196019701980199120002010
Ynwennertal 2.492.1393.037.1354.097.2314.929.0295.642.9606.574.789
Groei +57,4%+21,9%+34,9%+20,3%+14,5%+16,5%
Jier 2018 (rûzing)
Ynwennertal 7.035.055
Groei +7,0%
Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censos Demográficos / Estimativas

10 grutste stêden fan Maranhão (folkstelling 2022)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Histoarysk sintrum fan São Luís
#Stêd / GemeenteYnwennertal#Stêd / GemeenteYnwennertal
1 São Luís1.037.7756 Paço do Lumiar145.643
2 Imperatriz273.1107 Codó114.269
3 São José de Ribamar244.5798 Açailândia106.550
4 Timon174.4659 Bacabal103.711
5 Caxias156.97010 Balsas101.767
Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2022
São José de Ribamar

Yn Maranhão is it katolisisme de oerhearskjende streaming (64,36%), wat ûnder oare bliken docht út 'e grutte tradisjonele katolike feesten lykas it Festejo de São José de Ribamar (de beskermhillige fan 'e steat), it Círio de Nazaré en de feesten ta eare fan Us-Leaffrou fan 'e Unbesmodske Untfinzenis. De Tsjerkeprovinsje São Luís foarmet it bestjoerlik hert fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e steat.

Njonken it katolisisme hawwe it protestantisme en de evangelyske beweging de lêste desennia in sterke groei trochmakke (25,37%). In hiel eigen en kultuer-histoarysk wichtich plak wurdt ynnommen troch de Afro-Brazyljaanske religys (0,34%).

Religieuze gearstalling fan Maranhão (IBGE 2022)
Religieuze streamingPersintaazje (2022)
roomsk-katolyk64,36%
protestantsk25,37%
sûnder religy7,10%
Afro-Brazyljaanske religys (tambor de mina e.o.)0,34%
spiritisme0,19%
oare religys / net opjûn2,64%
Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022

Ekonomy en ynfrastruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Maranhão ryk is oan grûnstoffen en natuer, heart de steat ekonomysk ta de earmste fan Brazylje. De ekonomy stipet benammen op 'e tsjinstesektor, yndustry en lânbou. Tradisjoneel foarmet de ferwurking fan babassû-palmen in wichtige lokale ynkomstenboarne. Yn 'e lânbou is de steat in grutte produsint fan rys, soja, katoen en sûkerreid. De feehâlderij spilet in grutte rol en Maranhão hat in grutte feestapel. Dêrnjonken foarmje de ferwurking fan aluminium, papierpulp en de winning fan ierdgas yn it Parnaíba-bekken grutte yndustriële pylers.

Porto do Itaqui

Foar it ferfier fan grûnstoffen hat de steat in pear fan 'e wichtichste havens en spoarlinen fan it lân. De djippe seehaven Porto do Itaqui en de havens foar izererts lykas Ponta da Madeira binne krúsjaal foar de eksport fan mineraalerts en agraryske produkten nei Jeropa en Amearika. Dizze havens binne streekrjocht ferbûn mei it binnenlân oer wichtige frachtspoarlinen lykas de Carajás-spoarwei. Wichtige lofthavens lizze yn 'e haadstêd São Luís en de yndustrystêd Imperatriz. De diken yn it noarden fan 'e steat binne oer it generaal goed en ferhurde, wylst it wegenet yn it suden fan 'e steat folle minder ûntwikkele is en ta de minste fan it lân heart.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Flagge fan Brazylje Dielsteaten fan Brazylje Wapen fan Brazylje
Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins
Federaal distrikt: Federaal Distrikt
· · Berjocht bewurkje