Winterkobben
| Winterkobben | ||
| winterkobben | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
| famylje: | seefûgels (Laridae) | |
| skaai: | winterkobben (Rissa) | |
| Stephens, 1826 | ||
Winterkobben (Rissa) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje seefûgels (Laridae). It skaai telt mar twa soarten.
De fûgels út it skaai ûnderskiede harren dúdlik fan oare miuwen troch in pear morfologyske en ekologyske eigenskippen. In unike eigenskip is dat de eftertean by de soarten fan it skaai ûntbrekt. Dêrfandinne ek de soartenamme tridactyle fan 'e typesoarte, itjinge mei trije teannen betsjut.
It binne kompakte miuwen dy't yn tichte koloanjes op kliffen boppe see briede. Se binne mear op see as oare miuwen en komme mar selden op lân en dan allinnich yn 'e briedtiid.
De typesoarte is de winterkob. De ûnderkant is wyt en it boppeliif is ljochtgriis. De wjukpunten binne folslein swart. De gewoane winterkob hat swarte poarten, de oare soarte yn it skaai, de readpoatwinterkob hat sa't de namme al oanjout reade poaten. Beide soarten ha in griengiele snaffel.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status / Trend |
|---|---|---|---|---|
| Rissa tridactyla | winterkob | noardlik en eastlik Kanada, noardlik Europa, noardlik Ruslân, eastlik Sibearje, westlik Alaska. | kwetsber | |
| Rissa brevirostris | readpoatkob | Oseanyske eilannen yn 'e Beringsee | kwetsber | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
