The Terminal
| The Terminal | ||
| (Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
| makkers | ||
| regisseur | Steven Spielberg | |
| produsint | Steven Spielberg Walter F. Parkes Laurie MacDonald | |
| senario | Sacha Gervasi Jeff Nathanson | |
| kamerarezjy | Janusz Kamiński | |
| muzyk | John Williams | |
| filmstudio | Amblin Entertainment Parkes/MacDonald Productions | |
| distribúsje | DreamWorks Pictures | |
| spilers | ||
| haadrollen | Tom Hanks Stanley Tucci Catherine Zeta-Jones | |
| byrollen | Barry Shabaka Henley Chi McBride Diego Luna Kumar Pallana Zoe Saldaña | |
| skaaimerken | ||
| lân/lannen | ||
| premiêre | 18 juny 2004 | |
| foarm | langspylfilm | |
| sjenre | komeedzjedrama | |
| taal | Ingelsk | |
| spyltiid | 128 minuten | |
| budget en resultaten | ||
| budget | $60 miljoen | |
| opbringst | $219,0 miljoen | |
The Terminal is in Amerikaanske komeedzjedramafilm út 2004 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks, Stanley Tucci en Catherine Zeta-Jones. De titel betsjut "De Terminal", ferwizend nei in lofthaventerminal, ek wol bekend as in oankomst- en ôfreishal. It ferhaal giet oer in Eastjeropeaan dy't fêst komt te sitten yn 'e terminal fan 'e Ynternasjonale Lofthaven John F. Kennedy yn New York, om't troch in steatsgreep yn syn heitelân syn paspoart ûnjildich wurden is. Hy kin dêrtroch de Feriene Steaten net yn, mar hy kin likemin weromreizgje nei syn eigen lân. The Terminal krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Viktor Navorski, in reizger út it (fiktive) Eastjeropeeske lân Krakoazje, arrivearret op 'e Ynternasjonale Lofthaven John F. Kennedy yn New York. Hy wurdt lykwols troch de Amerikaanske dûane tsjinholden om't der in probleem mei syn paspoart is. It docht bliken dat der, wylst Navorski ûnderweis wie, in steatsgreep plakfûn hat yn Krakoazje. Mei't de Feriene Steaten it nije rezjym net erkenne, binne alle paspoarten fan Krakoazyske boargers ûnjildich ferklearre. Dat betsjut dat Navorski de Feriene Steaten net yn mei. Mar it betsjut ek dat er net mei in fleantúch ôfsette kin fan 'e lofthaven. U.S. Customs and Border Protection (CBP), de Amerikaanske dûanetsjinst, nimt dêrom sawol syn paspoart yn as syn it fleanticket dêr't er mei weromfleane soe.
Frank Dixon, de pleatsferfangend fjildkommissaris fan CBP foar de Ynternasjonale Lofthaven John F. Kennedy, dielt Navorski mei dat der foar him neat oars op sit as om yn 'e ynternasjonale flechtterminal te bliuwen oant de kwestje oplost is. De ferwachting is dat soks mei in pear dagen wol klear wêze sil. Mei't syn Krakoazyske jild op 'e lofthaven weardeleas is en der yn 'e terminal gjin jildwikselkantoar is, kriget Navorski in steapeltsje bonnen fan Dixon dêr't er iten en drinken mei betelje kin. De knoffelige Navorski ferliest dy lykwols frijwol fuortendaliks. Hy bliuwt efter mei de klean dy't er oan hat, syn koffer en in blikje pinda's fan it merk Planters dat er tige krekt by him hâldt. It idee dat syn probleem mei in pear dagen oplost wêze sil, blykt in yllúzje: om't de oanhingers fan it oarspronklike regear weromfjochtsje tsjin 'e útfierders fan 'e steatsgreep, ûntstiet der yn Krakoazje in boargeroarloch dy't moannenlang oanhâldt. Al dy tiid sit Navorski fêst yn 'e terminal.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Navorski fynt in gate dy't noch yn oanbou is. Dêr skroevet er yn 'e wachtromte in pear rigen stuollen los fan 'e flier en ferwideret de earmlinings sadat er der in provisjoneel bêd fan meitsje kin. Hy yt yn 't earstoan wat er fergees krije kin: lytse crackerkes dy't er besmaard mei ketchup en moster út pakjes dy't iepenskuord wurde moatte. Nei in pear dagen ûntdekt er dat er jild fertsjinje kin troch de bagaazjekarkes, dy't passazjiers oeral yn 'e terminal omsweve litte, werom te bringen nei it plak dêr't se hearre. Foar elts oanbrocht karke spuit de automaat in kwartsje út. Dêrmei fertsjinnet Navorski genôch om yn 'e restaurants yn 'e terminal ite en drinke te kinnen. Om 'e taalkleau te oerbrêgjen, keapet er by in boekhannel yn 'e terminal ek in pear reisgidsen oer New York: ien yn it Krakoazysk en presys sa'nent yn it Ingelsk. Troch de teksten te ferlykjen, leart er himsels Ingelsk.
Underwilens is it Dixon in stikel yn 'e foet dat Navorski yn 'e terminal wennet. Om't er yn 'e running is foar in promoasje wurdt er wat langer wat mear wisberet om fan 'e ferfelende Krakoazjer ôf te kommen troch him ta it probleem fan immen oars te meitsjen. Hy besiket Navorski derta te ferlieden om 'e terminal yllegaal te ferlitten troch de dûaniers by de haadyngong fan har post te roppen. Hy hat de ymmigraasjetsjinst al ynseind, sadat Navorski oppakt wurde sil sadree't er him bûtendoar weaget. Mar Navorski rûkt ûnrie as er merkt dat in befeiligingskamera by de haadyngong (dy't Dixon brûkt om him yn 'e gaten te hâlden) al syn bewegings folget. Dat, hy bliuwt moai binnendoar en it plantsje fan Dixon mislearret. Letter besiket Dixon om Navorski safier te krijen dat er asyl yn 'e Feriene Steaten oanfreget om't syn libben faai stean soe yn Krakoazje, mar Navorski wegeret om in kwea wurd oer syn leave heitelân te sprekken.
Om Navorski it ferbliuwen yn 'e terminal dreger te meitsjen, sadat er mear motivearre wêze sil om mei te wurkjen om derwei te kommen, lit Dixon in nije wurknimmer oannimme dy't spesjaal ta taak hat om 'e omswevende bagaazjekarkes op te romjen. Dat betsjut dat Navorski gjin tagong mear hat ta eigen ynkomsten en dus gjin iten en drinken mear keapje kin. Hy is neitiid wer feroardiele ta it drinken fan wetter út 'e kraan yn 'e húskes en it iten fan crackers mei ketchup en moster.
Eltse dei tsjinnet Navorski in oanfraach yn om yn 'e Feriene Steaten talitten te wurden, dy't eltse dei troch deselde froulike dûanier, Dolores Torres, ôfwiisd wurdt. Meitiid krije se in freonskiplike relaasje. Dat wurdt opmurken troch Enrique Cruz, in wurknimmer dy't iten en drinken fan 'e catering nei de ôfsettende fleantugen bringt en de oerstallige mielen fan arrivearre fleantugen ôffiert. Hy is al langere tiid smoarfereale op Torres, mar is te bleu om har oan te sprekken. Mei't Navorski dochs al eltse dei mei har praat, beslút Cruz en brûk de Krakoazjer om Torres te hifkjen oer wêr't se al en net fan hâldt, om him te helpen by syn hofmakkerij. Yn ruil foar syn help foarsjocht Cruz Navorski fan al it iten dat er mar op kin. De keppelderij fan Navorski berikt in hichtepunt as er Torres in doaske mei in ferlovingsring bringt en it boadskip dat har mysterieuze oanbidder yn 'e kantine op har wachtet. Ien en oar liedt lang om let ta in trouwerij dy't foar in diel yn 'e terminal plakfynt.
Fia Cruz kriget Navorski ek kunde oan dy syn maten Joe Mulroy, in Afro-Amerikaanske bagaazjewurker, en Gupta Rajan, in Yndiaaske skjinmakker op jierren. (Mei dy lêste hie Navorski it yn 'e iere dagen fan syn twongen ferbliuw yn 'e terminal ferskate kearen oan 'e stôk, mei't Rajan derfan oertsjûge wie dat hy in spion foar de CIA wie.) Mei dy trije mannen spilet Navorski jûns poker, wêrby't de ynset foarme wurdt troch bagaazje-items dy't nea ophelle binne. Underwilens komt er troch in rige moetings ek hieltyd better yn 'e kunde mei Amelia Warren, in oantreklike stewardess dy't de mêtresse is fan in troude oerheidsfunksjonaris. Navorski kriget ek wer betelle wurk nei't er op in nacht út ferfeling, yn in diel fan 'e terminal dêr't in ferbouwing oan 'e gong is, in wand reparearret mei it ark en reau dat de boufakkers dêr't lizze litten hawwe. Hy leveret sok goed wurk, dat de foarman dy't him de oare deis moarnsier trappearret, him fuortendaliks oannimt en swart betellet.
Krekt as de superieuren fan Dixon delkomme foar in ynspeksje, ûntstiet der rebûlje troch in Russyske reizger, in Milodragovitsj. Dyselde hat yn Kanada djoere medisinen kocht om it libben fan syn deasike heit te rêden, mar hy hat net de juste dokuminten om 'e medisinen oer lânsgrinzen hinne te ferfieren. Milodragovitsj, dy't gjin Ingelsk sprekt, wegeret begryplikerwize de medisinen ôf te stean. Om 'e ympasse om te lossen foar't de ynspekteurs der lucht fan krije, hellet Dixon Navorski derby, dy't Russysk sprekt, om as tolk te fungearjen. Wannear't Navorski oan Milodragovitsj útleit wat der oan 'e hân is, lit dyselde op him op 'e knibbels falle om Dixon te smeken de hân oer it hert te striken, mar Dixon bliuwt ûnfermurwber. Navorski hat mei de man te dwaan, en om't er sa stadichoan alle fergese brosjueres dy't op 'e lofthaven te krijen binne, út 'e holle ken, wit er dat de beheinings foar it ferfier fan medisinen dy't bedoeld binne foar minsklik gebrûk, net jilde foar feterinêre medisinen. Hy oppenearret dêrom dat er Milodragovitsj ferkeard begrepen hat, om't de wurden foar "heit" en "geit" yn it Russysk tige opinoar lykje soene. Mar de medisinen, sa beseft er no, binne bedoeld foar de geit (en net foar de heit) fan Milodragovitsj. Dixon wit krekt wat Navorski by de ein hat, mar as er Milodragovitsj freget oft dat wier is, falt dyselde Navorski fansels by. De útkomst is dat Milodragovitsj it fleantúch nei Ruslân nimme kin mei de medisinen foar syn geit. Mar de fernedere Dixon is poer oer de hiele kwestje en uteret bedrigings tsjin Navorski dy't krekt opfongen wurde troch de skodholjend ôfsettende ynspekteurs.
Gupta Rajan ferspriedt neitiid ûnder it personiel fan 'e lofthaven in alternative ferzje fan it barren, mei Navorski as ûnferskrokken ferdigener fan 'e helpeleazen. It hat mar in hiel lyts bytsje wei fan wat der echt bard is, mar it giet as diggelfjoer troch de lofthaven en Navorski wurdt fan dat stuit ôf troch de sljochtwei wurknimmers as in held sjoen, dy't op alderhanne wize let en set wurde moat. Letter hat Navorski in ôfspraakje mei Amelia Warren yn 'e terminal, wêrby't syn freonen Rajan, Mulroy en Cruz as obers en kok fungearje. Wannear't se oppipe wurdt troch har troude frijer bepraat Navorski har om 'e piper fuort te smiten. Letter fertelt se him dat se it mei har minner útmakke hat.
Wannear't Amelia in twadde ôfspraakje mei Navorski pland hat, wurdt se troch Dixon opfongen en apart nommen. Hy befreget har oer har krekte relaasje mei Navorski, en pas dan kriget sy foar it ferstân dat Navorski net samar in man is dy't in protte mei it fleantúch reizget en dy't se hieltyd by tafal op 'e lofthaven treft, mar dat er dêr wennet. Neitiid siket se him lulk op foar in konfrontaasje, om't se mient dat er har mei opsetsin mislaat hat. Mar as se mei Navorski praat, rekket se derfan oertsjûge dat it hiele misferstân fuortkommen is út 'e taalkleau dy't tusken harren beiden bestiet. It pindablik dêr't Dixon har ek oer ûnderstien hat, blykt Navorski fan syn koartby ferstoarne heit urven te hawwen. Syn heit wie in jazz-fan, dy't yn 1958 in ôfdruk fan 'e foto A Great Day in Harlem (in groepsfoto mei hast alle grutte Afro-Amerikaanske jazzmuzikanten út dy tiid) yn in Hongaarske krante stean seach. Hy bewarre de foto en makke it ta syn libbenswurk om 'e hantekenings fan alle 57 muzikanten op 'e foto te sammeljen. Doe't er stoar, miste inkeld noch de hantekening fan saksofonist Benny Golson, en Navorski ûnthiet syn heit op dy syn stjerbêd dat hy nei New York reizgje soe om 'e lêste hantekening te heljen. Wannear't Navorski it pindablik iependocht, blykt it fol te sitten mei it oarspronklike kranteknipsel en de 56 hantekenings dy't syn heit troch de jierren hinne gearfandele hat. It oprjochte ferhaal grypt Amelia sa oan, dat se Navorski tutet.
In skoftke letter, wannear't Navorski njoggen moannen yn 'e terminal wenne hat, dogge de media ferslach fan 'e ein fan 'e boargeroarloch yn Krakoazje. De dieders fan 'e steatsgreep en harren oanhingers binne ferslein en it oarspronklike regear is wer oan 'e macht kommen. Navorski fiert feest mei syn freonen yn 'e terminal. Hy wurdt opsocht troch Amelia, dy't him fertelt dat har troude frijer, dy't in hege post yn 'e Amerikaanske amtnerij beklaait, op har fersyk in needfisum foar him regele hat, dat ien dei jildich is. Dat moat genôch wêze om Golson syn hantekening op te heljen sadat er neitiid werom nei hûs kin. It docht lykwols bliken dat Amelia yn ruil foar dizze geunst wer de mêtresse fan 'e hege amtner wurden is. Se seit dat se net better fertsjinnet en brekt dêrmei Navorski syn hert, mar hy kin it har net ûntprate.
As er syn fisum oan Torres presintearret, blykt dat der in hantekening fan Dixon nedich is om it fisum jildich te meitsjen. Mar Dixon, dy't no dat it paspoart fan Navorski wer jildich is, sa gau mooglik fan him ôf wol, wegeret syn hantekening te setten. Ynstee besiket er Navorski op 'e earste de bêste flecht nei Krakoazje te krijen. Navorski wegeret, oant Dixon dermei driget om 'e freonen fan Navorski te ferfolgjen foar yllegale aktiviteiten. Sa hat er bylden fan befeiligingskamera's dêr't op te sjen is hoe't Mulroy nei wurktiid yn 'e bagaazjeromten yllegale pokerpartijen organisearret en hoe't Cruz lju sûnder foech (d.w.s. Navorski) talit yn 'e kokens. Mar it slimste is wat Gupta Rajan oangiet. De âldman hie Navorski alris ferteld dat er yn 1978 Yndia ûntflechte wie nei't er in korrupte plysjeman delstutsen hie dy't him bestiel, en dat er dêrfoar yn syn heitelân by ferstek feroardiele is ta in lange finzenisstraf. Dixon, dy't op 'e hichte blykt te wêzen fan dy saak, driget no om Rajan út te setten nei Yndia. As er dat heart, jout Navorski belies en stimt er deryn ta om op it fleantúch nei Krakoazje te stappen.
Wannear't Navorski ôfskie nimt fan syn freonen, is Rajan lulk op him. Hy seit dat Navorski him bedragen hat en makket him út foar in leffert en in ferrieder. Navorski bliuwt dêr stoïsynsk ûnder, mar in dûanier dy't oanwêzich wie by it petear fan Dixon mei Navorski nimt Rajan apart en fertelt de opljeppende âldman wat der wier spilet. Mei drovens sjocht Navorski ta hoe't it fleantúch dat him nei Krakoazje bringe sil nei de gate taksyt, mar dan ferskynt ynienen Gupta Rajan op 'e lâningsbaan, dy't it fleantúch de trochgong blokkearret. Nei't er Navorski en de oare tasjoggers taskreaud hat dat er nei hûs giet, wurdt er troch de lofthavenautoriteiten oppakt op fertinking fan terrorisme. Troch it ynsidint hat de flecht lykwols oeren fertraging oprûn.
Dat jout Navorski de tiid om earst New York yn te gean om 'e hantekening fan Golson op te heljen, dy't eltse jûn optreedt yn 'e Ramada Inn. Hy wurdt troch it personiel fan 'e lofthaven oerladen mei ôfskiedskado's. Wannear't er him nei de haadyngong bejout, mei in kloft meitstanners by him, stjoert Dixon de dûaniers om him tsjin te kearen. Haaddûanier Thurman hjit Navorski en draai om. As er dat docht, hinget er de Krakoazjer syn lange oerjas om 'e skouders. Hy seit: "It snijt bûtendoar. Hjir silst wol ferlet fan hawwe." Wêrnei't de dûaniers ta machteleaze razernij fan Dixon oan 'e kant geane en Navorski ûnder lûd jûchhei fan syn freonen de terminal ferlit. Bûtendoar arrivearret op dat stuit krekt Amelia foar in nije flecht. Sy en Navorski meitsje eachkontakt en knikke inoar ta, mar se witte no dat se net foarinoar bedoeld binne. Navorski nimt in taksy en riidt fuort. Wannear't Dixon efter de pûst by de haadyngong oankomt, wurdt him troch ien fan 'e dûaniers frege oft se de plysje efter Navorski oan stjoere of de wei fierderop tichtsette moatte. Hy sjocht de taksy nei, lit in sucht slûpe en antwurdet: "De nacht is jong en der komme 1.500 minsken ús kant út. Nei binnen allegear en oan it wurk, sjit op." Navorski lit him by de Ramada Inn ôfsette, dêr't er in foarstelling fan Golson bywennet en dy syn hantekening kriget. Neitiid nimt er in nije taksy nei de lofthaven om einlings nei hûs te gean.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| Viktor Navorski | Tom Hanks |
| adjunkt-fjildkommissaris fan 'e dûane Frank Dixon | Stanley Tucci |
| Amelia Warren | Catherine Zeta-Jones |
- byrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| haaddûanier Judge Thurman | Barry Shabaka Henley |
| Joe Mulroy | Chi McBride |
| Enrique Cruz | Diego Luna |
| Gupta Rajan | Kumar Pallana |
| dûanier Dolores Torres | Zoe Saldaña |
| dûanier Richard Salchak | Eddie Jones |
| dûanier Waylin | Corey Reynolds |
| Karl Iverson | Jude Ciccolella |
| Bobby Alima | Guillermo Diaz |
| Nadia | Rini Bell |
| Milodragovitsj | Valery Nikolajev |
| Max | Michael Nouri |
| himsels | Benny Golson |
| taksysjauffeur | Scott Adsit |
| Goran | Mark Ivanir |
| Cliff | Dan Finnerty |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Terminal waard foar in diel ynspirearre troch it wiere ferhaal fan Mehran Karimi Nasseri, in Iraanske flechtling dy't fan 1988 oant 2006 yn Terminal 1 fan 'e Ynternasjonale Lofthaven Charles de Gaulle yn Parys wenne om't er dêre fanwegen syn steateleaze status fêst kommen wie te sitten. Yn septimber 2003 berjochte de Amerikaanske krante The New York Times dat Steven Spielberg de filmrjochten op it libbensferhaal fan Nasseri kocht hie, en yn septimber 2004 skreau de Britske krante The Guardian dat Nasseri fan Spielberg en syn sakepartners "tûzenen dollars" ûntfongen hie.

Lykwols, noch de begjintitels of ôftiteling fan The Terminal, noch it promoasjemateriaal dat de studio publisearre, makket lykfol hokker melding fan 'e ûnderfinings fan Nasseri as basis foar de film. Boppedat liket it ferhaal fan Viktor Navorski, de haadpersoan út 'e film, hielendal net op dat fan Nasseri, útsein dat se allebeide steateleas rekken en dêrtroch foar langere tiid fêst kamen te sitten op in lofthaven. Op it libben fan Nasseri waard yn 1994 al de Frânske film Tombés du ciel ("Ut 'e Loft Fallen") basearre.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Terminal waard regissearre troch Steven Spielberg nei in senario fan Sacha Gervasi en Jeff Nathanson. As produsinten wiene Spielberg, Walter F. Parkes en Laurie MacDonald by it projekt belutsen foar de filmstudio's Amblin Entertainment en Parkes/MacDonald Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $60 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Janusz Kamiński, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar The Terminal setten op 1 oktober 2003 útein en duorren oant en mei 12 desimber fan dat jier. Spielberg reizge de wrâld ôf om in lofthaven te finen dy't him yn in echte lofthaventerminal filmje litte woe, mar dat slagge net. Dêrom waard de ôfreis- en ûntfangsthal út The Terminal hielendal neiboud as in ûnbidige filmset yn in leechsteande hangaar op it Regionaal Fleanfjild L.A./Palmdale yn Súdlik Kalifornje. Dy hangaar, dy't diel útmakke fan it Fabryk 42-kompleks fan 'e Amerikaanske Loftmacht, wie oarspronklik brûkt om 'e Rockwell B-1 Lancer-bommesmiter te bouwen. De filmset waard basearre op it ûntwerp fan 'e haadterminal fan 'e Lofthaven Düsseldorf yn Dútslân, en waard yn hege mjitte ynspirearre troch de filmklassiker Playtime fan 'e Frânske regisseur Jacques Tati. De sênes yn 'e dûanehal, kantoaren en it meastepart fan 'e bûtendoaropnamen fan The Terminal waarden filme op 'e Ynternasjonale Lofthaven Montreal-Mirabel yn 'e Kanadeeske provinsje Kebek.

Haadrolspiler Tom Hanks basearre syn fertolking fan 'e rol fan Viktor Navorski op syn eigen skoanheit Allan Wilson, in Bulgaarske ymmigrant dy't neffens Hanks behalven Bulgaarsk ek Russysk, Turksk, Poalsk, Gryksk, in bytsje Italjaansk en in bytsje Frânsk spriek. De taal dy't Hanks yn 'e film sprekt, sabeare it fiktive Krakoazysk, is eins fierhinne Bulgaarsk. De Krakoazysktalige reisgids dy't er op in stuit keapet, is ek skreaun yn it Bulgaarsk. Yn 'e sêne wêryn't Navorski in Russyske reizger yn swierrichheden helpt, sprekt er in mingsel fan Bulgaarsk en Russysk. It fiktive Krakoazje is in lân yn East-Jeropa dat út 'e omstannichheden dy't har geandewei de film foardogge sterk it oansjen kriget fan in eardere Eastbloksteat of in eardere Sovjet-republyk. Op in lânkaart dy't hiel koart yn byld komt, hat Krakoazje de grinzen fan Noard-Masedoanje, wylst it Krakoazyske nasjonale wapen in licht oanpaste ferzje fan it wapen fan Wyt-Ruslân is.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Terminal waard fersoarge troch DreamWorks Pictures. De film gie op 18 juny 2004 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. The Terminal waard op 23 novimber 2004 útbrocht op dvd en op 6 maart 2014 ek op blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige The Terminal oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy neamde The Terminal "in minsklike komeedzje dy't myld en wier is, dy't sympaty opwekket foar alle personaazjes, […] dy't my alderraarst sa gelokkich makke." Neffens A.O. Scott fan The New York Times wie it aktearjen fan Tom Hanks it fûnemint dêr't de film op boud wie. Michael Wilmington fan 'e Chicago Tribune skreau dat The Terminal regisseur Steven Spielberg meifierde nei wrâlden dêr't er him mar komselden bejûn hie.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Terminal in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 206 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] riist boppe syn swakten út troch de klearebare deugd fan syn ynnimlik boadskip en in karakteristyk solide aktearprestaasje fan Tom Hanks." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Terminal in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 41 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Terminal brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $77,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $141,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $219,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in winst fan $159 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske komeedzjedramafilm
- Amerikaanske romantyske dramafilm
- Ingelsktalige film
- Film fan DreamWorks Pictures
- Film fan Amblin Entertainment
- Film fan Steven Spielberg
- Film út 2004
- Film oer in lofthaven
- Film oer in fiktyf lân
- Film oer in stewardess
- Film oer burokrasy
- Film oer freonskip
- Film oer in reis
- Film oer in taalbarriêre