Springe nei ynhâld

Truman Capote

Ut Wikipedy
Truman Capote
skriuwer
Truman Capote (1980)
Truman Capote (1980)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeTruman García Capote
nasjonaliteit Amerikaansk
berne30 septimber 1924
berteplakNew Orleans
stoarn25 augustus 1984
stjerplakLos Angeles
wurk
taalIngelsk
sjenreromans, koarte ferhalen
bekendste
  wurk(en)
Cold Blood,
Breakfast at Tiffany's
jierren aktyf1948-1984

Truman García Capote (New Orleans, 30 septimber 1924 - Los Angeles, 25 augustus 1984) (berne as Truman Streckfus Persons) wie in Amerikaansk skriuwer. Hy hat fiksje, non-fiksje, koarte ferhalen en teäterstikken skreaun. Syn bekendste wurken binne In Cold Blood (1966) en de novelle Breakfast at Tiffany's (1958). Fan syn wurken binne teminsten 20 ferfilme en ek tillefyzjerigen makke.

Truman yn debútroman Other Voices, Other Rooms (1948) wie direkt in grut sukses en waard in bestseller. It boek stie mear as njoggen wiken boppe-oan de literatuerlist fan de New York Times.

Capote yn 1968

Nei Other Voices, Other Rooms folgen der mear wurken. Breakfast at Tiffany's wie in sukses, lykas ek In Cold Blood, in 'non-fictie roman' oer in moard op in húshâlding yn Holcomb (Kansas). Capote dûkte djip yn de saak en prate mei elkenien dy't dermei te krijen hie, ûnder wa't de twa ta dea feroardiele moardners wiene. Hy rekke befreone mei harren en dêrtroch waard it foar him tige dreech om it boek ôf te meitsjen. Dat konflikt wie de basis foar in ferfilming fan dizze perioade yn syn libben: Capote (2005). Capote wurdt yn dizze film spile troch Philip Seymour Hoffman, dy't foar syn rol in Oscar krige as bêste akteur. Itselde tema waard ek it ûnderwerp foar Infamous (2006). Yn dy film wurdt Capote spile troch Toby Jones.

Earst yn 2005 ferskynde Summer Crossing. It manuskript fan dizze lytse roman, skreaun yn de jierren fjirtich (noch foar Other Voices, Other Rooms), dûkte yn 2004 op by in feiling. Nei it sukses fan In Cold Blood hie Capote dit manuskript ('net geskikt foar publikaasje') by it âld-papier set, dêr't it troch in konsjerzje ûnderskept waard.

Capote wie iepenlik homoseksueel yn in tiid wêryn't dat noch net gebrûklik wie. Hy stie bekend om syn hege, lispeljende stim en aparte klean. Syn gelikenis yn libbensstyl mei de ek homoseksuele dandy, Oscar Wilde, is treffend. [ 6 ] Hy wie ferneamd yn 'e literêre fermiddens fan 'e Feriene Steaten en bewearde gâns ferneamde persoanen yntym te kennen, wat efterôf lang net altyd wier blykte te wêzen. Op 28 novimber 1966 joech er in maskere dûnsfeest yn de grutte balseal fan it Plaza Hotel yn New York, ta eare fan útjouster Katharine Graham.

Lettere libben en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn lettere libben libbe Capote tige op himsels. Hy rekke ferslave oan alkohol en drugs, wat grutte negative gefolgen foar syn sûnens hie. Hy hie faak lêst fan hallusinaasjes troch syn ôfhinklikheid fan stimulearjende middels. Capote ferstoar yn augustus 1984 yn de âldens fan 59 jier as gefolch fan in oerdoasis yn it hûs fan Joanne Carson, eardere frou fan de ferneamde tf-presintator Johnny Carson.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]