Springe nei ynhâld

Lychtenstein

Ut Wikipedy
Foarstedom Lychtenstein
Fürstentum Liechtenstein
Flagge fan Lychtenstein Wapen fan Lychtenstein
Biedwurd: Für Gott, Fürst und Vaterland
Folksliet: Oben am jungen Rhein
HaadstêdVaduz
Offisjele taalDútsk
SteatsfoarmKonstitúsjonele erflike monargy
- steatshaadHans Adam II
Unôfhinklikheid12 july 1806
Oerflak160,5 km²
Ynwennertal41.237 (31.12.2025[1])
Befolkingstichtens256,9 ynw./km²
MuntienheidSwitserske frank (CHF)
TiidsôneCET (UTC+1)
- simmertiidCEST (UTC+2)
Nasjonale feestdei15 augustus
Ynternetdomein.li
Telefoan+423
ISO 3166LI, LIE, 438

Lychtenstein is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Vaduz en de prins fan it foarstedom is sûnt 1989 Hans-Adam II.

Lychtenstein wurdt begrinzge troch:

Yn 1699 kocht de Boheemske foarst Johan Adam Andreas fan Lychtenstein de hearlikheid Schellenberg en yn 1712 it greefskip Vaduz fan de greven fan Hohenems. Op 23 jannewaris 1719 feriene keizer Karel VI it greefskip Vaduz en de hearlikheid Schellenberg ta ien foarstedom ûnder de namme Lychtenstein. Dat nije foarstedom krige yn 1723 ek in sit en in stim yn 'e Ryksdei fan it Hillige Roomske Ryk.

Op 12 july 1806 wie Lychtenstein ien fan 'e ûndertekeners fan de Rynbûnakte. Yn dat jier waard it Hillige Roomske Ryk ûntbûn en waard Lychtenstein in soevereine steat.

Op it kongres fan Wenen waard yn 1815 fêststeld dat it foarstedom diel útmeitsje soe fan it Dútske Bûn. Dizze situaasje bleau yn stân oant de opheffing fan it Dútske Bûn yn 1866.

Oant en mei de ein fan 'e Earste Wrâldkriich ûnderhold it lân nauwe bannen mei Eastenryk, mar de ekonomyske malêze dy't folge op dy kriich, twong Lychtenstein ta it oangean fan in dûane- en monetêre uny mei Switserlân. Yn 'e Twadde Wrâldkriich bleau Lychtenstein ûnder foarst Frans Jozef II neutraal en nei de oarloch hawwe de lege belêstingen it lân grutte ekonomyske groei brocht.

Lychtenstein wie it earste lân yn 'e wrâld dat de deastraf ôfskaft hat. Yn 1798 waard foar it lêst de deastraf útfierd.

Lychtenstein leit yn 'e Ryndelling yn 'e Alpen en is rûchwei 24 kilometer lang. Mei in oerflakte fan 160,475 km² is Lychtenstein ien fan 'e lytste lannen op ierde. De grinzen mei Eastenryk en Switserlân binne tegearre 77,9 kilometer lang.

Yn it westen foarmet de Ryn foar it grutste part de grins mei Switserlân. It eastlike part leit heger as it westlik part. De Grauspitz is mei 2599 meter hichte it heechste punt fan it lân.

Ek al leit it lân yn 'e Alpen, it klimaat is frij myld as gefolch fan 'e sudenwyn. De berchhellings jouwe yn 'e winter alle gelegenheid om ferskillende wintersporten te beöefenjen.

Likernôch in tredde fan alle ynwenners fan Lychtenstein bestiet út bûtenlanners, dy't benammen ôfkomstich binne út Dútslân, Eastenryk en Switserlân.

De offisjele lânstaal is it Dútsk, it meastepart fan 'e befolking sprekt lykwols in Allemannysk dialekt.

Om-ende-by 80% fan 'e befolking is roomsk-katolyk, 7% is protestantsk.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: