Auke van der Graaf
| Auke van der Graaf | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Auke van der Graaf | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 6 july 1978 | |
| berteplak | Berltsum | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| PC | 1998, 1999, 2007, 2008 | |
| debút | 1996 | |
| karriêre-ein | 2008 | |
| ekstra | 1× PC kening (1999) Klaverke Fjouwer Freule 1994 Bûnspartij 2004 Jong Nederlân 1996 PC 1998 | |
Auke van der Graaf (Berltsum, 6 july 1978) is in earder Frysk keatser, en winner fan it klaverke Fjouwer.
Van der Graaf helle 401 punten foar it ivich keatsklassemint. Doe't er sechstjin jier âld wie wûn Auke foar Berltsum de Freulepartij yn Wommels en mocht it tradisjonele gouden horloazje yn ûntfangst nimme. Twa jier letter, yn 1996, wûn er de Jong Nederlânpartij.
Yn 1998 wûn er mei Johan Okkinga fan Arum en Sake Porte fan Winsum foar de earste kear de PC. It jier derop wûn itselde partoer foar de twadde kear de PC. Auke van der Graaf waard ta kening útroppen. En as klap op de fjoerpylk wûn hy yn 2004 de Bûnspartij foar Senioaren. It soe dêrnei trije jier duorje foar't er yn 2007 foar de tredde kear de PC winne soe; dizze kear wiene Johan van der Meulen fan Broeksterwâld en Taeke Triemstra fan Sint-Jabik syn maten. It jier derop wûn er foar de fjirde en lêste kear de PC, no mei Jochum Bouma fan Easterlittens en Douwe Groenendijk fan It Hearrenfean, yn septimber fan dat jier naam er op de Aldehoupartij yn Ljouwert ôfskied fan de haadklasse.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1994 - Freule 1e priis
- 1995 - Jong Nederlân 4e priis
- 1996 - Jong Nederlân 1e priis
- 1997 - Jong Nederlân 1e priis
- 1998 - Jong Nederlân 1e priis
- 1998 - PC 1e priis
- 1999 - Jong Nederlân 1e priis
- 1999 - de Bond 6e priis
- 1999 - PC 1e priis
- 2000 - Jong Nederlân 3e priis
- 2000 - de Bond 6e priis
- 2001 - de Bond 4e priis
- 2004 - de Bond 1e priis
- 2005 - de Bond 2e priis
- 2005 - PC 3e priis
- 2006 - de Bond 2e priis
- 2007 - de Bond 1e priis
- 2007 - PC 1e priis
- 2008 - de Bond 2e priis
- 2008 - PC 1e priis
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|