Arta
| Arta Άρτα | ||
| Bestjoer | ||
| regio | Epirus | |
| gemeente | Arta | |
| haadplak | Arta | |
| Sifers | ||
| ynw. gemeente | 41.599 (2021)[1] | |
| ynw. haadplak | 21.799 (2021)[2] | |
| oerflak | 402.0 km² | |
| Oar | ||
| postkoade | 47100, 47131 en 47132 | |
| tiidsône | UTC +2 | |
| simmertiid | UTC +3 | |
| koördinaten | 39°9' N 20°59' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.arta.gr | ||
| Kaart | ||
Arta (Gryksk: Άρτα) is de haadstêd fan 'e regionale ienheid Arta yn 'e regio Epirus yn noardwestlik Grikelân.
Gemeenteyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2011 is Arta it haadplak fan 'e doe oprjochte gemeente (dimos) Arta. De gemeente bestiet út fiif dielgemeenten (dimotiki enotita):
- Amvrakikos (Αμβρακικός)
- Arta (Άρτα)
- Filothei (Φιλοθέη)
- Vlacherna (Βλαχέρνα)
- Xirovouni (Ξηροβούνι)
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e âldheid hie Arta de namme Ambrakia, dat neffens de myte stifte wie troch Ambrakos. De stêd wie in Korintyske koloanje. Yn 'e Peloponnezyske Oarloch focht Arta oan 'e kant fan Sparta tsjin Atene. Yn 295 f.Kr. makke Pyrrhos as kening fan Epirus Ambrakia ta syn residinsje. Yn dy tiid makke de stêd in bloeitiid troch. De stêd waard yn 167 f.Kr. ferneatige troch de Romeinen.
De namme Arta waard tsjin 'e ein fan 'e 11e iuw foar it earst neamd. De stêd waard letter de sit fan it Despotaat Epirus. Fan 1231 oant 1268 makke it despotaat in foarse groei mei en yn dy tiid waarden in soad tsjerken yn Arta en omkriten boud.
Yn 1449 oermasteren de Turken de stêd. Earst yn 1878 kaam in ein oan 'e Turkske besetting.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De brêge fan Arta waard yn 'e jierren 1602-1606 boud en is 142 m lang en 3,75 breed. De brêge hat fjouwer grutte en in pear lytsere bôgen.
- De tsjerke fan 'e Panagia Parigoritissa is de grutste en meast ferneamde tsjerke fan Arta en datearret út de ein fan 'e 13e iuw.
- De fêsting yn it noarden fan 'e stêd waard nei alle gedachten yn opdracht fan despoat Michael II boud. De fêsting hat 18 tuorren mei in ûnregelmjittige rjochthoek fan 170 by 280 m.
- De Faid Pasjamoskee is een moskee dy't ferneamd waard nei de Turkske oermasterer fan 'e stêd yn 1449.
Oare belangryke tsjerken:
- De Agia Theodoratsjerke is wijd oan Sint-Theodora, in patronesse fan Arte, en datearret út 'e 12e iuw.
- De Agios Vasilios (Sint-Basilius) datearret út 'e 2e helte fan 'e 13e iuw en is in tsjerkje mei karakteristike Byzantynske fresko's.
Yn 'e omkriten:
- It Vlachernakleaster waard nei alle gedachten yn 'e 12e of 13e iuw boud.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Panagia Parigoritissa
- Brêge
- Fêsting
- Faik Pasjamoskee
- Vlachernakleaster.
- Agios Dimitrios Katsuris
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
